Wedstriden mooglik útsteld

De earedivyzjewedstriden yn it wykein fan 22 en 23 maart kinne mooglik net spile wurde. Sneon 22 maart stiet SC Hearrenfean tsjin NEC op it programma Cambuur hat snein 23 maart in útwedstriid tsjin Utrecht. De wedstriden falle yn it wykein dat yn Den Haag in nukleêre top hâlden wurdt mei 58 wrâldlieders. Dêr is safolle plysje nedich, dat it hiele kompetysjeprogramma fan it fuotbaljen mooglik net trochgean kin. Freed wurdt dúdlik oft spile wurde kin, dan is in lêste oerlis mei alle belutsen boargemasters oer de plysje-ynset by dy wedstriden.
Cambuur is der net gelokkich mei as de útwedstriid net trochgiet. Dat seit direkteur Gerald van den Belt. It is neffens him hiel dreech om in goede ferfangende datum te finen.