Tastimming útride dong op lân

Boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden kinne dit jier de dong gewoan útride op har lân yn stee fan de hjoeddeistige praktyk dêr't se de dong ûnder de grûn bringe. Dêrfoar jout steatssekretaris Sharon Dijksma tastimming. Dong op 'e greide soe better wêze foar it boaiemlibben en dêrmei ek foar de fûgels dy't dêr fan ite moatte. Om út te sykjen oft dat ek sa is, krije de boeren yn guon gebieten in jier lang de romte de dong út te riden.
It is net de bedoeling dat oare boeren dat ek dogge. Mar dat kin wol as se oan deselde betingsten foldogge as de boeren dy't oansluten binne by agraryske natuerferiening de Noardlike Fryske Wâlden. As tefolle oare boeren meidogge, kin it wêze dat de frijstelling ynlutsen wurdt en net nochris mei fjouwer jier ferlingd wurdt. By de Noardlike Fryske Wâlden ferwachtsje se net dat it safier komt.