SP lilk op Jorritsma

05 feb 2014 - 12:45

De steatefraksje fan de SP makket him lilk oer it feit dat kommissaris fan de Kening Jorritsma nei Sotsji giet. De SP fynt dat de kommissaris, lykas premier Rutte, dêr neat te sykjen hat. De SP beskôget de Spelen as propagandamiddel foar it Ruslân fan presidint Poetin, dêr't allinne romte is foar hetero-relaasjes.

Jorritsma giet nei Sotsji om te lobbyen foar Thialf, mar dat is neffens de SP in deadwaner fan neat. De SP tinkt dat Jorritsma foar syn nocht nei Sotsji giet. Hy soe de kosten fan 3500 euro dan ek sels betelje moatte.

Trefwurden: 
Thialf John Jorritsma SP Sotsji
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)