Seldsum soart mos yn De Mieden

05 feb 2014 - 12:26

Yn natoergebiet De Mieden by Droegeham is in hiel seldsum soart mos fûn, sa meldt Steatsboskbehear. It giet om it trilfean-feanmos dat yn noch gjin tsien gebieten yn Nederlân foarkomt. Foar safier bekend is dit it iennchiste plak yn de provinsje dêr't it groeit. It is de iennige soart mos dy't groeie kin yn gebieten dêr't hiel skjin en mineraalryk grûnwetter nei boppe komt. Yn de Mieden binne noch folle mear seldsume planten en mossen trochdat der yn ferhâlding in soad trilfean en blaugerslân is.

De kommende jierren wurdt in soad dien om it gebiet wiet te hâlden sadat it noch geskikter wurdt foar dy seldsume planten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)