Knal: F16 troch lûdsbarriêre

De knal dy't tiisdeitejûn te hearren wie yn grutte dielen fan Fryslân, is wol feroarsake troch in F16 dy't troch de lûdsbarriêre gong. Dat hat in wurdfierder fan it ministearje fan Definsje befestige. De F16 wie dwaande mei in oefening boppe de waadeilannen yn de Noardsee. Fral yn Grinslân soarge de knal foar ûnrêst. Minsken wiene dêr benaud foar in ierdbeving. It KNMI hat lykwols gjin ierdbeving metten. Earder liet de loftmacht witte dat it lûd net mei in F16 te krijen hie, mar dat stânpunt is letter bysteld.
Neffens in wurdfierder fan definsje is it tastien dat piloaten boppe de Noardsee troch de lûdsbarriêre geane. It hinget fan de waarsomstannichheden ôf oft de knal oan de fêste wâl te hearren is.