Gruttere Coop yn Starum iepen

05 feb 2014 - 11:54

Yn Starum is woansdei de nije Coop-supermerk iepen foar publyk. Bert van der Werf siet mei syn winkel earst yn it sintrum, mar woe dat syn winkel grutter wurde koe. Hy is no ferhûze nei de râne fan 'e stêd. Dêr is de supermerk goed twa kear sa grut as de âlde. Ek binne der folle mear parkearplakken. Van der Werf syn doel is om de supermerk fan 'e regio te wurden.

De bou fan de nije supermerk rûn fertraging op nei't út in floara-en-fauna-ûndersyk bliken die dat der in wetterpipermûs yn it gebiet wie. Dizze mûs is in beskerme bistsoart.

Yn Starum komt ek lang om let nijbou en der komme mear wettersportfasiliteiten.

Trefwurden: 
Starum supermerk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)