Sotsji: Wüst & Boer

It is noch twa dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. It grutste part fan harren is hikke en tein yn Fryslân. Mar fjouwer dielnimmers binne jierren lyn nei ús provinsje kaam fanwege de sport. Dêrom hjoed op www.omropfryslan.nl de profilen fan de earste twa 'ymport-Friezen': Ireen Wüst (27 jier, It Hearrenfean, reedride) en Margot Boer (28 jier, Goaiïngaryp, reedride).
Ireen Wüst
De Brabânse, dy't al jierren yn Fryslân wennet, waard mei har 19 jier yn 2006 yn Turijn de jongste Nederlânske winner fan goud op de Winterspelen. Dat die se op de 3000 meter. Boppedat helle se doe brûns op de 1500 meter. Yn Vancouver yn 2010 wie der wer goud, no op de 1500 meter. Ireen Wüst waard trije kear Europeesk kampioen en fjouwer kear wrâldkampioen. Op de ferskillende WK ôfstannen helle se njoggen kear goud.
Ireen Wüst rydt yn Sotsji de 1000 meter, de 1500 meter, de 3000 meter, de 5000 meter en de ploege-efterfolging.
Margot Boer
Margot Boer stie by it WK sprint yn jannewaris 2014 yn Nagano by eltse ôfstân op it poadium, mar yn it einklassemint waard se teloarstellend fjirde. 'Krekt net', dat wie fjouwer jier lyn by de Olympyske Spelen fan Vancouver ek it gefal. Se waard fjirde op de 500 en 1500 meter en sechsde op de 1000 meter. By it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn desimber 2013 op it iis fan Thialf wie Margo Boer oppermachtich op de 500 meter. Margot Boer is de trijefâldich sprintkampioene fan Nederlân.
Margo Boer rydt yn Sotsji de 500 en de 1000 meter.