Megadeth op Into The Grave

05 feb 2014 - 11:33

Megadeth wurdt de ôfsluter op it Ljouwerter metalfestival Into the Grave. De Amerikaanske trashmetalpioniers binne al jierren dwaande en brochten lêsten har 14e album út. De fjirde edysje fan Into the Grave is sneon 9 augustus. Nij dit jier is it festival CityRock dat in dei earder hâlden wurdt en mear op rock rjochte is.

Oare bands op Into The Grave binne Gorguts út Kanada, Havok út Amearika, Solstafir út IIslân, Dagoba út Frankryk en de Vanderbuyst út Nederlân. Mei elkoar komme njoggen bands op it poadium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)