Nij skoalprojekt Waadferiening

05 feb 2014 - 08:16

De Waadferiening krijt 20.000 euro fan steatssekretaris Sharon Dijksma om mei bern it Waad op te gean. Dat makket se woansdei bekend op de Waadkonferinsje yn Denemarken. De Waadferiening wol alle bern út de heechste groepen fan skoallen yn de gemeenten dy't oan it Waad lizze meinimme it gebiet yn. Sa moatte se yn 'e kunde komme mei de natuer.

Neist in besite oan it Waad krije de bern ek lessen op skoalle oer it ûnderwerp. It jild fan de steatssekretaris is bedoeld as begjinkapitaal foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)