Aris nei heale finale beker

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha tiisdeitejûn frij maklik de heale finale fan it bekertoernoai helle. Ek de twadde wedstriid tsjin Rotterdam waard wûn. Yn sporthal It Kealledykje waard it 78-69 foar de thúsploech fan Ed Molthoff en Tom Simpson. Ferline wike wie Aris yn Rotterdam mei 80-58 de sterkste. Tiisdei waard it ferskil makke nei it skoft. Yn de heale finale is Wijchen of Leiden de tsjinstanner.