Otter op it iis by Sint Nyk

11 feb 2012 - 12:06

Yn de omkriten fan Sint Nyk is fan 'e wike in jonge otter sjoen. It bist rûn op it iis by in rekreaasjegebietsje by Sint Nyk.

Neffens ottersaakkundige Addy de Jongh is it bysûnder, omdat yn dy omkriten noch net earder otters sjoen binne. Yn de snie wiene ek spoaren te sjen. De Jongh tinkt dêrom dat der mear otters yn it gebiet sitte, ek al omdat it bist dat sjoen is, in jongenien wie. Ornaris litte otters har net maklik sjen. It binne nachtbisten. Mar omdat it friest, moatte se it lân op om te jeien. En dan feroarje de jachttiden.

Trefwurden: 
otter iis Sint-Nyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)