'Tefolle learlingen thús'

Der sitte tefolle learlingen fan it fuortset ûnderwiis yn Ljouwert thús. Dat docht bliken út it ferslach fan de learplichtamtners. It giet om 10 oant 15 learlingen dy't om wat foar reden dan ek net mear nei skoalle gean, mar wol learplichtich binne. Oanmelde op in oare skoalle is in opsje, mar dat bart yn de praktyk net in soad. Skoallen sitte net te wachtsjen op learlingen mei problemen.
Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert wol mei de skoallemienskippen yn de gemeente om tafel om dit knyppunt op te lossen.