Miljoenen foar regioplannen

04 feb 2014 - 18:50

De provinsje Fryslân stekt 24 miljoen euro yn ferskate projekten. Under oaren de ferbou fan it stedhûs yn Boalsert, it opknappen fan it sintrums fan De Gordyk en Wolvegea, gebietsûntwikkeling yn Deinum, de brede skoalle op Flylân en it masterplan yn Burgum krije jild. De gemeente Achtkarspelen krijt in miljoen foar glêsfezel yn dy gemeente.

Wichtichste betingst is dat de gemeenten noch sa'n bedrach op it kleed lizze moatte. De projekten wurde yn 2014/15 útfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)