Mooglik waarmste winter

04 feb 2014 - 16:34

Dizze winter kin wolris ien fan de waarmste winters út de skiednis wurde. Jannewaris wie al waarm en de earste tsien dagen fan febrewaris is de winter ek fier fuort. De temperatueren rinne op nei 8 graden. Op de lange termyn is der ek noch gjin sprake fan winter.

It waarme waar hat ynfloed op de natuer. De earste knoppen yn planten en beammen binne al sichtber, mar kwekers kinne de situaasje beynfloedzje. Bouboeren meitsje harren gjin soargen.

Trefwurden: 
waarm winter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)