Van Basten fynt Twente topper

04 feb 2014 - 16:31

Sportklup Hearrenfean, de nûmer fiif, nimt it woansdeitejûn yn it eigen stadion op tsjin de nûmer trije FC Twente. Trainer Marco van Basten kin gjin berop dwaan op de skorste Pele van Anholt en de blesseare Arnold Kruijswijk. Sa as gebrûklik woe de Feanster trainer neat sizze oer de ferfangers. Van Basten fynt FC Twente in kandidaat foar it kampioenskip. Ofrûne snein hat er de wedstriid fan Twente tsjin Cambuur noch sjoen. Van Basten sei net wekker te lizzen fan it kommentaar fan Johan Derksen oer syn funksjonearjen as trainer.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)