Ranomi swimt tsjin manlju

04 feb 2014 - 15:23

Olympysk-goud-swimster Ranomi Kromowidjojo nimt it op 15 febrewaris yn Drachten op tsjin manlju fan swimferiening DZ&PC. De swimster komt mei har teamgenoaten fan de nasjonale seleksje foar de 'KNZB-Challenger' nei swimbad De Welle. Op de 100 meter frije slach sille se harren krêften mjitte mei de manlju.

Yn de wedstriid kinne nasjonale toppers teste hoe't it mei de tarieding op it wedstriidseizoen stiet. Foar de regionale swimmers is it in kâns om út te kommen tsjin de top.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)