Nij Smellinghe 'wer normaal'

04 feb 2014 - 15:02

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten draait wer normaal nei de grutte wettersteuring fan moandei. Operaasjes moasten doe útsteld wurde en polikliniken giene ticht. Neffens bestjoersfoarsitter Petter Littooij is der noch gjin oersjoch fan de skea dy't de tydlike sluting opsmiten hat. De kommende tiid moat mooglik langer trochwurke wurde op operaasje-ôfdielings om de achterstân yn te heljen. De hichte fan de finansjele skea is ek noch net bekend.

De oarsaak fan de wettersteuring wie in stikkene ferbining yn de haadlieding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)