Ari van Tienhoven ferstoarn

Yn Ithaca yn Amearika is Ari van Tienhoven (91) ferstoarn. Hy wie de man dy't it inisjatyf naam hat foar de Fedde en Martha Bergsmapriis foar oarspronklik Frysk toaniel. De priis is okkerdeis noch takend oan Rients Gratama.
Van Tienhoven siet as studint yn de oarloch bij de famylje Bergsma ûnderdûkt. Hy ynspirearre Fedde Bergsma letter ta it skriuwen fan syn earste toanielstik. Van Tienhoven waard in ferneamd ûndersiker yn Amearika.