LC wol gau gearwurkje

Der moat sa gau mooglik in begjin makke wurde mei yntinsive gearwurking tusken Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad. It bêste soe wêze dat der ien Frysk mediabedriuw komt op basis fan de trije merken. Dat seit haadredakteur Hans Snijder fan de Ljouwerter Krante yn reaksje op de oprop fan Omrop Fryslân-direkteur Jan Koster om mear gear te wurkjen as Fryske media.
Neffens Koster is dat de iennichste wize om de Fryske journalistyk te rêden.
Hy tinkt dat de omrop, it deiblêd en de LC as selsstannige organisaasjes binnen fiif oant tsien jier ferdwûn binne, as der net wat bart. Neffens Hans Snijder komme dy útspraken op it goede momint, want der moat no wat barre.