600 geiten dea by brân Murns

04 feb 2014 - 12:22

By de brân fan moandei yn in geitehâlderij yn Murns is de helte fan de 1200 bisten om it libben kaam. De boer rekke slim ferwûne. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Snits en letter nei it Martinisikehûs yn Grins. Dêr is er yn de rin fan de nacht operearre. Hoe't it no mei him giet, is net bekend.

De geiten dy't de brân oerlibbe hawwe, binne wer ûnder dak. Sy wurde mei help fan omwenners en oaren fersoarge. Fertsjintwurdigers fan de fersekering binne dwaande mei de ôfhanneling fan de skea. Der wurdt ek sjoen nei it asbest dat frijkaam is.

Trefwurden: 
brân geiten Murns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)