Fermist famke wer fûn

04 feb 2014 - 11:26
Plysje-embleem - Foto: ANP

It 13-jierrige fermiste famke út Snits is wer terjochte. It famke waard moandei op de neimiddei foar it lêst sjoen yn Snits. Dêrnei is neat mear fan har fernaam. Dêrom waard de plysje ynskeakele.

Tiisdei yn 'e rin fan de middei melde de plysje dat it famke wer te plak is. Se wie fuortrûn fan hûs.

Trefwurden: 
Snits plysje famke fermist
(advertinsje)
(advertinsje)