MER: Grûndelgong kontrolearje

04 feb 2014 - 11:17

It yn 'e gaten hâlden fan grûndelgong as gefolch fan sâltwinning troch Frisia yn Harns kin better. Dat sizze ûnôfhinklike saakkundigen dy't yn de kommisje foar miljeu-effektrapportaazje (MER) sitte.

De kommisje fynt ûnder oare dat de hichte fan de Ballastplaat yn 'e gaten hâlden wurde moat. De sânbank leit yn de Waadsee by Harns. Hy is in wichtich plak foar fûgels. By fûgelûndersyk soe mear sjoen wurde moatte nei it gebiet dêr't sâlt wûn wurdt, neffens de kommisje.

Fierders advisearret de kommisje om foarôf better op papier te setten wannear't yngrypt wurdt, mocht de sâltwinning negative gefolgen hawwe. It advys fan de kommisje is net binend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)