Jonge oanriden yn Drachten

04 feb 2014 - 10:16

In bromfytser fan 17 jier út De Tike is moandeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn Drachten. De jonge waard op de dyk Nijtap oanriden troch in 60-jierrige automobiliste út Boelensloane. De frou sloech ôf en seach de jonge oer de holle.

De bromfytser bruts by de oanriding de pols. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Drachten oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)