Sâlte drop as protest

04 feb 2014 - 07:31

Fertsjinstwurdigers fan natuerorganisaasjes gripe de Waadseekonferinsje yn Denemarken oan om omtinken te freegjen foar de gefolgen fan sâltwinning troch Frisia yn Harns. De Waadferiening, Fûgelbeskerming en Natuermonuminten binne benaud dat de natuer de dupe wurdt fan de winning en diele dêrom tiisdei by de konferinsje sâlte drop út. Se hoopje sa te berikken dat de dielnimmers oan de konferinsje in berop dogge op steatssiktaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken om gjin fergunning foar de sâltwinning te ferlienen.

Trefwurden: 
Waadsee sâltwinning aksje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)