Direkteur OF: media gearwurkje

De media yn Fryslân moatte mear gearwurkje, seit direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân. Neffens him is dat de iennichste manier om de Fryske sjoernalistyk te rêden. Neffens Koster hawwe de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd en Omrop Fryslân gjin takomst as se selsstannige organisaasjes bliuwe. Se sille dan oer fiif oant tsien jier ferdwûn wêze.
Koster tinkt dat gearwurking yn ien grut Frysk mediasintrum de rêding wêze kin fan de Fryske sjoernalistyk. Dat kin dan it nijs út eigen provinsje bringe yn byld, lûd en sjoernalistike ferhalen.
Yn it sintrum soene lokale omroppen ek in plak krije moatte. Koster docht syn útspraken yn in dokumintêre oer 20 jier Fryske televyzje. Dy dokumintêre is it kommend wykein te sjen. It 20-jierrich bestean sels is hjoed tiisdei 4 febrewaris.