Fytspaad Wynjewâld wer iepen

In fytspaad by Wynjewâld wurdt tydlik wer iepene. It giet om it paad troch de âlde bosk rjochting de Duerwâldster Heide. Yn oktober ferline jier sleat Steatsboskbehear it paad, om't der gjin jild wie om de stoarmskea oan te pakken.
Steatsboskbehear hat no tasein dat it paad fan 't maaitiid foarearst wer iepengiet. Om it paad definityf iepen te hâlden moat it alhiel fernijd wurde. Dêr is no lykwols gjin jild foar, wylst it neffens Steatsboskbehear wol nedich is om it paad te fernijen.
Net allinnich by Wynjewâld, mar yn hiel Súdeast-Fryslân binne de fytspaden yn 'e natoer sa min dat se eins op 'e nij oanlein wurde moatte. Wêr't it jild weikomme moat, is lykwols net dúdlik. Troch besunigings fan it ryk is der folle minder jild beskikber foar soksoarte saken.