Steuring Nij Smellinghe oplost

03 feb 2014 - 16:47

De wettersteuring by sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten is oplost. Dat betsjut dat alle ôfdielings wer iepen kinne. Moandei om ien oere gien de polykliniken, spoedeaskjende help, operaasjekeamers en ferloskeamers ticht, nei in breuk yn in wetterlieding.

Dy waard feroarsake doe't in ferbining yn de haadwetterlieding losgie. Dy ferbining hie by de oanlis fêstplakt wurde moatten mei lym, mar dat is doe fergetten. Dat seit it haad fan de technyske tsjinst fan Nij Smellinghe. It wurdt dreech om te efterheljen wa't dy flater krekt makke hat.

It probleem lei net by wetterliedingbedriuw Vitens. Dat bedriuw hat holpen om de steuring gau op te lossen. De ferwachting is net dat der noch mear ferbinings loslitte kinne. Allinnich de haadwetterlieding is fan plastik, fierderop wurde koperen of izeren buizen brûkt.

Alle ôfspraken en opnames moasten moandei troch de wettersteuring ôfsein wurde. Nei't de breuk makke wie, is it wetter earst kontrolearre troch in hygiënist. Dêr die út bliken dat it wetter feilich brûkt wurde kin. It sikehûs yn Drachten hat sels mar in beheinde wetterfoarrie.

Pasjinten en personiel krigen wetter út flessen oanbean. De húskes moasten mei de hân trochspield wurde. Pasjinten út Drachten en omjouwing moasten útwike nei oare sikehuzen, bygelyks it MCL yn Ljouwert.

Peter Littooij, foarsitter ried fan bestjoer fan Nij Smellinghe, seit dat de kollega's yn Ljouwert de drokte kwalik oankoene. Dêrom waard personiel út Drachten nei Ljouwert stjoerd om te helpen, sa seit hy. De bestjoersfoarsitter seit dat it sikehûs yn Drachten noch net earder mei sa'n grutte wettersteuring te krijen hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)