Alternative Alvestêdetochten

11 feb 2012 - 09:30

Minsken geane sneon net allinne op redens by de alve stêden del. It kin ek oars. De Ljouwerter fotograaf en lisfytser Sipco Feenstra giet op syn trijtsjillige lisfyts op it iis by de alve stêden del. Hy is om healwei seizen begûn yn Ljouwert en wie om acht oere yn Balk. Feenstra ferwachtet dat er tusken tolve en ien oere yn Harns is.

Pieter Kooistra fan De Jouwer is fan doel om mei in loftballon by de alve stêden del te gean. Doel is om yn eltse stêd eefkes in eintsje te farren en dan mei de auto troch te riden nei de folgjende stêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)