Wüst kontrolearre op doping

03 feb 2014 - 14:19

Ireen Wüst hat moandei op har earste dei yn it Olympyske doarp yn Sotsji fuortendaliks in dopingstest dwaan moatten. 'Lig je lekker een middagdutje te doen, staat de dopingcontrole ineens in je kamer", twittere Wüst.

Sneintemiddei kamen de Nederlanners oan yn Ruslân. Wüst sil kommende snein foar it earst oan de start stean yn de Adler Arena op de 3 kilometer. Op dizze ôfstân komt ek Antoinette de Jong fan Rottum yn aksje. Sven Kramer komt sneon al yn aksje op de 5 kilometer, lykas Jorrit Bergsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)