Heide Bakkefean wurdt opknapt

De heide tusken Allardseach en Bakkefean wurdt dit jier op guon plakken opknapt mei jild fan enerzjyleveransiers Essent en RWE. Dy bouwe in enerzjysintrale yn Grinslân by Delfsyl en om't dy Eemssintrale foar fersmoarging soarget, moat dy kompensearre wurde yn gebieten dêr om hinne. Dêr heart dizze heide ek by, mar der binne noch wol mear Fryske natoerprojekten dy't op dizze wize útfierd wurde kinne. By Bakkefean giet it om it kappen fan in soad beammen en it fuortheljen fan de rike grûn ûnder dy beammen sadat de heide wer werom komt.
Net alle beammen wurde fuorthelle, mar wol in soad. Earder wie it gebiet folle iepener as no. It wurk set nei de boufak útein en is foar de hjerst dien.