Krossmotor tsjin lantearnepeal
In 22-jierrige man út Peins is sneintemiddei ferwûne rekke doe't er mei syn krossmotor tsjin in lantearnepeal botste. It ûngelok barde op de Buorren yn Bitgum. De man ried mei 60 kilometer yn it oere troch de Buorren, doe't er de kontrôle oer it stjoer ferlear. Hy kaam tsjin in lantearnepeal ta stilstân. De man is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.