N381 ôfsletten troch ûngelok
Troch in ûngelok op de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde hat de dyk dêr in skoft ôfsletten west. In frachtwein en trije auto's kamen krekt nei alven mei-inoar yn botsing. De plysje wit noch net krekt wat der bard is, wol is dúdlik dat der net ien ferwûne rekke is. Ferkear moast omride oer Makkingea, mar kin sûnt healwei twaen wer oer it stik dyk.