Skeel om CV Franeker Zuid

De gemeente Frjentsjerteradiel stjoert oan op in rjochtsaak tsjin projektûntwikkeler CV Franeker Zuid. Dy moat foar 8 miljoen euro grûn keapje fan de gemeente. Dat is ôfpraat yn in kontrakt dat beide partijen yn 2006 ûndertekene ha. CV Franeker Zuid bestiet út de kombinaasje Bouwfonds en Jansma Drachten BV. De grûn leit oan de súdkant fan Frjentsjer en is bedoeld foar wenningbou. It jild hie foar 29 jannewaris 2014 oermakke wêze moatten. As de projektûntwikkeler net omlyk wol, stapt de gemeente nei de rjochter, seit wethâlder Bekkema.
Direkteur Holleman fan CV Franeker Zuid wol op dit stuit noch gjin reaksje jaan, om't se noch om tafel sille mei de gemeente.