Nij sintrum seksueel geweld

Ljouwert krijt yn maaie in Centrum Seksueel Geweld. Yn dat sintrum wurkje dokters, psychologen en plysje gear om slachtoffers fan seksueel geweld op te fangen. Soartgelikense sintra binne der al yn Utert, Nijmegen en Maastricht. It idee is dat slachtoffers fan seksueel geweld op ien plak sawol medyske, psychyske as forensyske help krije. Sa kinne slachtoffers op ien plak ûndersocht wurde en hoege se harren ferhaal mar ien kear dwaan.
It doel is dat der takom jier yn it hiele lân sintra komme om slachtoffers fan seksueel geweld op te heinen. De sinteraasje dêrfoar is lykwols noch net rûn.