Ben hat it helle

10 feb 2012 - 23:12

Ald-langebaanreedrider Ben van der Burg hat syn Alvestêdetocht útriden. Freed 7.30 oere gong hy fan start, pas 15 oeren letter kaam hy oan.

'Het was verschrikkelijk', sei Van der Burg op de finish op De Bonke by Ljouwert, 'Ik doe dit echt nooit meer'. Van der Burg wie tusken Dokkum en Ljouwert noch flink fallen. Hy krige geandewei de dei hieltyd mear omtinken, omdat hy mei in kamera op syn helm ried. De bylden wiene op omropfryslan.nl te sjen. Oerdeis soarge dat foar prachtige plaatsjes.

Op de ein wiene de batterijen op, trochdat de tocht langer duorre as Ben sels tocht hie.
Van der Burg wie yn 1990 Nederlânsk kampioen Allround. Ek waard hy twadde op it WK, efter Johann Olav Koss. De lêste 20 jier traint hy lykwols hielendal net mear; heechút jout hy nochris in oerke les oan bern.

Foaral oer it iis by Harns wie Van der Burg min te sprekken. Dêr moast hy hiele stikken klune.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)