Buorskip fersterket identiteit

03 feb 2014 - 07:01

Alle tweintich buorskippen yn de gemeente Kollumerlân krije foar maart in eigen buorskipboerd. Dat seit wethâlder Jelle Boerema. Op 23 jannewaris 2005 stelde de gemeenteried fan Kollumerlân yn gearwurking mei histoarikus Oebele Vries fan Westergeast in list mei tweintich nammen fan buorskippen fêst.

Doel fan it pleatsen fan de buorskipbuorden is de nammen fan eartiids te behâlden en de identiteit fan it gebiet te fersterkjen. Moandeitemiddei iepenet boargemaster boargemaster Bearn Bilker it 17e buorskipboerd Beintemahûs by Westergeast.

Mei mar tsien ynwenners is Beintemahûs ien fan de lytste fan de 20 buorskippen. Beintemahûs is wol in ridlik âld buorskip. It buorskip wurdt al beskreaun yn dokuminten út de 16de ieu.

Trefwurden: 
Kollumerlân Westergeast
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)