Van Lunzen wint yn Apeldoorn
Hurdrinner Remon van Lunzen fan Ljouwert hat snein de Midwintermaraton yn Apeldoorn op syn namme skreaun. Hy wie fierwei de rapste mei in tiid fan 2.29.47 en wist dêrmei Jiri Civrny út Apeldoorn en Harm Sengers út Eindhoven foar te bliuwen.
By de froulju gong de winst nei Serbesa Mulugeta út Tsjechië.