Gjin aksjes yn ferpleechhuzen

02 feb 2014 - 17:15
Foto: Omrop Fryslân

Ferpleechhuzen yn Fryslân dogge tiisdei net mei oan in aksjedei fan AbvaKabo. It fakbûn fiert op dy dei aksje foar in bettere cao. Yn sawat hûndert ferpleech- en fersoargingshuzen lizze wurknimmers it wurk del.

Sawol yn Fryslân as yn Grinslân is dat net it gefal. In wurdfierder fan AbvaKabo koe net oanjaan wêrom't dat sa is.

(advertinsje)
(advertinsje)