Cambuur ferliest by FC Twente

02 feb 2014 - 16:27

SC Cambuur hat snein mei 3-1 ferlern fan FC Twente. Yn de Grolsch Veste sette Ramon Leeuwin de Ljouwerters yn de 25e minút mei in strafskop brutaal op foarsprong. Foar it skoft hie Cambuur it gelok oan syn kant, mei gefaarlike kânsen foar Luc Castaignos.

Nei rêst wie it dyselde Castaignos dy't yn de 54e minút foar de 1-1 soarge. Amper in minút yn it fjild soarge ynfaller Shadrag Eghan fuort dêrnei foar de 2-1. Elvis Manu wie foar Cambuur ticht by de lykmakker, mar hy miste. Mei in kopbal smiet Rasmus Bengtsson de wedstriid yn it slot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)