Snits Wyt Swart wint fan NEC

02 feb 2014 - 15:59

Snits Wyt Swart Boso hat snein mei 3-1 wûn fan NEC. Op eigen fjild namen de Snitsers fan begjin ôf oan it inisjatyf mei gefaarlike skotten fan Age Hains Boersma en Erolind Derguti. Fuort nei rêst iepene Harm Jan Stuiver de skoare foar de Snitsers. Syn foarset waard meinaam troch de wyn en waaide sa de goal yn.

Tsien minuten foar de ein waard it noch spannend doe't NEC de lykmakker binnenskeat. Kevin Huitema sette de Snitsers opnij op foarsprong troch in strafskop te fersulverjen. Khalid Yachou soarge yn ekstra tiid foar de einstân.

De ploech fan trainer Johan Groote komt troch de oerwinning op 30 punten út 16 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)