'Dúdlikens oer enerzjylabels'

02 feb 2014 - 15:26

Weningboukorporaasje WoonFriesland moat mear dúdlikens jaan oer enerzjylabels fan hierhuzen. Dat fynt in hierder dy't anonym bliuwe wol. Sûnt in pear moanne hiert er in hûs by de korporaasje. Yn de advertinsje stie dat syn hûs enerzjylabel B hat. Mar op de website EP-online fan de Ryksoerheid stiet dat it hûs it legere enerzylabel F hat. Enerzjylabel B betsjut in hegere hierpriis. It hûs is yn bettere steat en de stookkosten binne leger.

WoonFriesland seit yn in reaksje tsjin Omrop Fryslân yn dit gefal inkeld algemiene ynformaasje jaan te kinnen, om't de hierder anonym bliuwe wol. In ekstern buro makket it enerzjylabel op en leit dat fêst yn in sertifikaat. Nije bewenners hearre dat by it hierkontrakt te krijen. WoonFriesland seit fierders dat sy dwaande binne om de enerzjylabels fan alle renovearre huzen oan te passen.

Trefwurden: 
WoonFriesland enerzjylabel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)