Kleasterkapel wer sichtber

De âlde kleasterkapel fan Frjentsjer is troch nijbou yn de stêd wer goed sichtber. De ynwenners fan de stêd binne dêr bliid mei. Tsientallen jierren lang wie it gebou út de midsieuwen net te sjen. Der stiene oare gebouwen fan it psychiatrysk sikehûs omhinne. De gebouwen binne sloopt en dêr is nijbou fan soarchgroep Noorderbreedte foar weromkaam.
De soarchgroep hat der by de nije bebouwing foar soarge dat der in iepening yn it gevelfront kaam, sadat de kleasterkapel fan de strjitte ôf te sjen is. In soad ynwenners fan Frjentsjer woene dat.