Hûnetraining yn de bosken

02 feb 2014 - 13:10

De hûnetraining fan Steatsboskbehear yn de bosken fan Gaasterlân is in soad belangstelling foar. Dat seit boskwachter Karin Blanksma. Sneon hat se foar it earst de kursus 'Crossen door de bossen' hâlden, yn gearwurking mei de feriening Jachthondenopleiding Fryslân Súd-West. It doel fan de training is dat de hûn better harket nei de baas.

Steatsboskbehear hat de ôfrûne tiid in soad klachten krigen oer losrinnende hûnen. Se gean achter wylde bisten oan en dogge mear dingen dy't oerlêst feroarsaakje.

Mei de kursus hopet Steatsboskbehear de problemen oan te pakken. Fanwege de grutte belangstelling is der fan 't hjerst wer in hûnekursus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)