Bloed ferriedt ynbrekker

02 feb 2014 - 12:22

In ynwenner fan de gemeente Frjentsjerteradiel is sneon oanhâlden op fertinking fan ynbraak yn in wente oan it Kealledykje yn Ljouwert. De bewenner ûntduts by thúskomst dat by him ynbrutsen wie. Troch it hiele hûs hinne lei bloed, nei alle gedachten omdat de ynbrekker him ferwûne hie. De 33-jierrige fertochte waard letter pakt, doe't er him mei ferwûnings oan 'e hân melde by it sikehûs. Dêr waard dúdlik dat dat nei alle gedachten troch in ynbraak kaam.

De plysje hat de fertochte meinaam en it wenningynbraakteam ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)