Betten achtste op NK Poetry

02 feb 2014 - 11:24

Sannemaj Betten út Sint Jabik is sneontejûn yn Utrecht as lêste einige op de NK Poetry Slam. Yn de wedstriid waarden dichters op it poadium beoardiele troch in faksjuery en troch it publyk. Der wiene acht finalisten. Daniël Vis waard de winner fan de poëzywedstriid. It NK Poetry Slam makket diel út fan de lanlike Poëzywike.

Poetry Slam is in wedstriid foar dichters dêr't de tekst en de foardracht beoardiele wurde. Sannemaj Betten (1995) wûn dit jier de Poetry Slam yn Haarlem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)