Klap foar strjitrôver yn Harns

02 feb 2014 - 11:05

In man dy't sneontejûn yn Harns de hûn útliet, is hast slachtoffer wurden fan in strjitrôf. De 35-jierrige man út Wilbertoord yn Brabân rûn fan de Stasjonswei ôf it Harmenspark yn, doe't er oansprutsen waard troch in ûnbekende man.

Al gau waard dúdlik dat de ûnbekende man syn beurs hawwe woe. De Brabanner joech de man fuortendaliks in klap. Nei't er ûntkaam wie, hat er oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
Harns park strjitrôf oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)