Sân oanhâldings yn Snits

De strjitte Keatslân yn Snits © Google Street View
De plysje hat sneontejûn nei fjochterij yn Snits sân ynwenners fan dy stêd oanhâlden. De manlju, tusken de 18 en 21 jier, rekken yn de strjitte Keatslân slaande deilis. In jonge fan 16 jier út Boalsert en in 33-jierrige Snitser rekken dêrby ferwûne.
De sân binne úteinlik op de Lemmerwei oanhâlden. De groep is ynsletten.