SC Cambuur ferjit te winnen

10 feb 2012 - 21:52

SC Cambuur hat freedtejûn twa punten ferspile yn Almere. Tsjin Almere City FC waard it 1-1. De thúsploech kaam yn de 28e minút troch in eigen goal fan de Ljouwerters (Léon Hese) goedkeap op foarsprong. Doe wie Cambuur de bettere ploech, mar de kânsen waarden net fersulvere. Dat die Melvin de Leeuw wol yn it begjin fan de twadde helte nei in moaie oanfal: 1-1. Dyselde De Leeuw mocht letter noch in strafskop nimme, mar dy skeat er min yn. Keeper Friebel koe maklik keare.

Van der Laan en Dissels hiene ek noch bêste kânsen, mar it bleau 1-1.

Cambuur wachtet yn 2012 noch altyd op de earste oerwinning.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)