Finnbogason lilk op bestjoer

Alfred Finnbogason is teloarsteld yn de direksje fan SC Hearrenfean. Op de lêste dei fan de transferperioade hat it Ingelske Fullham in bod fan 10 miljoen euro dien op de topskoarer fan Nederlân, mar SC Hearrenfean gie net akkoart. "Ze hebben altijd gezegd dat ze tien miljoen euro voor me willen hebben en dan willen ze nu ineens meer, dat vind ik amateuristisch", sa seit Finnbogason. Finnbogason is mei 20 doelpunten topskoarer fan SC Hearrenfean.