Snelheidsoertreders by Bitgum

© ANP XTRA
De plysje hat freed tusken 8.00 en 15.00 oere by in snelheidskontrôle op de trochgeande dyk by Bitgum 804 hurdriders betrape. Der wurdt op dat stik oan de dyk wurke en dêrom jildt der in maksimumsnelheid fan 50.
Fan de lytse 2800 kontrolearre auto's ried hast 30% te hurd. De fluchste automobilist kaam foarby mei 112 kilometer op de teller, mear as 60 te hurd.